Dyn wurkdei

Do montearrest de keukenûnderdielen dy’t troch ús ynmjitters opmetten binne perfekt by de klanten. Do hast in montagedossier dêr’tst alle ynformaasje yn fine kinst. Ast tsjin wat oanrinste, helpe ús kollega’s fan de montage-ôfdieling dy om in oplossing te finen.

Dyn wurkdei begjint as do fan hûs ôf rydst. Do soargest derfoar datst om 8.00 oere by de klant bist en leverest de keuken oan ’e ein fan de dei goed en kreas op. Dyn wurkdei as keukenmonteur einiget dan wer as do thús komst.

Foar makke oeruren hawwe wy in oantreklike regeling om dizze út te beteljen.

Funksjeeasken

Do hast ûnderfining as keukenmonteur, timmerman of ynterieurbouwer en begrypst wat klanten ferwachtsje. Do hast der nocht oan om alle dagen in klant bliid te meitsjen mei in nij renovearre keuken. Fan in lytse tsjinslach rekkest net fan slach, mar tinkst yn oplossingen.

Leeftyd fine wy folle minder wichtich as ûnderfining.

Goede arbeidsbetingsten

Wy biede dy in merk-konform salaris en pensjoen. Do krijst de beskikking oer in folslein mei ark ynrjochte bedriuwsbus en krijst fansels ús Intereno-wurkklean en wurkskuon.

Dyn fêste wurkplak is dyn thúsaadres, mar do hast geregeld kontakt mei dyn kollega’s.

De foardielen



Bel direct Direct solliciteren
Vacatures
Bekijk alle vacatures